Winst en lykspul yn haadklasse
Haadklasser Snits hat sneintemiddei yn in prima wedstriid mei 5-2 wûn fan WKE. Troch doelpunten fan Wiebren Visser, Inge Schotanus en Age Heins Boersma (trije kear) stie nei 90 minuten spektakel de 5-2 op it skoareboerd.
De Jouwer spile yn Haaksbergen tsjin HSC '21. De Jousters spilen mei 1-1 lyk tsjin de nûmer twa fan de ranglist. Anne Hornstra makke foar De Jouwer it iennichste doelpunt.
Trefwurden:
argyf