Man mishannele yn Makkum

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Eibergen (25) en in ynwenner fan Groenlo (ek 25) bellen sneintemoarn betiid oan by in wenning oan de Dominee Touwenleane yn Makkum. Se woene dat de bewenner in taksy foar har belje soe.
Dit die de bewenner, mar de taksysjauffeur woe net komme. Hy sei dat er earder op 'e jûn skeel hân hie mei de beide manlju. Doe't de bewenner dit fertelde oan de twa, ûntstie der in fjochtpartij. Se binne letter oanhâlden.