Maaike Schuurmans giet solo

20 nov 2005 - 16:07
Foto: Omrop Fryslân

Sjongeres Maaike Schuurmans spilet yn desimber twa kear in try-out fan har earste muzikale soloprogramma op de pleats fan kommissaris Nijpels yn Diken.

Schuurmans sjongt yn har nije programma muzyk fan 'e Amerikaanse komponist Burt Bacharach. Dy hat ûnder oare ferskes as 'Raindrops keep fallin' on my head' en 'Walk on by' skreaun. It programma giet op 5 jannewaris yn de Lawei yn Drachten yn premjêre.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)