Rapport oer leefbere doarpen

20 nov 2005 - 14:39

Deputearre Mulder krijt ynkoarten in rapport oerlange mei foarstellen om de leefberens fan in doarp te fersterkjen. Dat gebeurt op de earste saneamde doarpskontaktemerkt fan Súdwest-Fryslân.

Plattelânsprojekten Súdwest-Fryslân hat derfoar soarge dat de doarpsfyzjes ynventarisearre binne. It giet dan foaral om de fitaliteit en de leefberens fan doarpen. It projekt "Vitale doarpen" siket nei regionale oplossingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)