Bytsje animo foar moetingsdei

© Omrop Fryslân
Friezen rûnen sneon net echt waarm foar de nasjonale moetingsdei. Op 15 plakken yn de provinsje setten doarpshuzen har doarren iepen foar minsken dy't inoar moetsje woene.
De nasjonale moetingsdei is in inisjatyf fan it Oranjefonds. Dy wol yn it ramt fan it 25-jierrich regearingsjubileum fan keninginne Beatrix bysûndere moetings stimulearje. Yn Fryslân kamen sa'n hûndert minsken op de moetingsdei ôf.