Gouden liuwke foar Sinteklaas

© Omrop Fryslân
Sinteklaas hat sneon yn Ljouwert in Gouden Liuwke opspjelde krigen troch boargemaster Dales. It gouden liuwke is in earepenning fan de gemeente.
Sinteklaas krige him by syn yntocht yn de Fryske haadstêd. Reden wie syn jierrenlange trouwe besite oan de stêd. Op de yntocht yn Ljouwert kamen tûzenen bern en har âlden ôf. De goedhillichman sil de kommende tiid nei ferskate skoallen, ferienings en maatskiplike ynstellingen yn de stêd.