Joling & Gordon lûke gjin folk

19 nov 2005 - 16:01

Der wie net sa'n soad belangstelling foar de Talpa-stjerren Gerard Joling en Gordon. Sy wiene freed yn de Mediamarkt yn Ljouwert. Fans fan tv-programma Joling en Gordon over de vloer koene dêr in dvd mei ôfleverings fan dit programma keapje, foarsjoen fan de hantekens fan de haadrolspilers.

Omdat de elektroanikawinkel fiif jier bestiet, kamen de sjongers nei Ljouwert. Sa koene se tagelyk de dvd promoate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)