Betinking Skipholbrân Ljouwert

© Omrop Fryslân
Goed 100 minsken hawwe freed yn Ljouwert de betinking bywenne fan de slachtoffers fan de brân yn it sellekompleks op Schiphol. De oanwêzigen yn de Bonifatiustsjerke stiene benammen stil by de dea fan Maribel Martinez Rodriguez, dy't yn Ljouwert wenne en wurke hat. Sy wie 25 jier en kaam fan de Dominikaanse Republyk.
De sprekkers hiene in soad krityk op it belied dat se ynhumaan neamden.