Nij fjild foar SC Heerenveen

© Omrop Fryslân
De gersmatte fan it Abe Lenstra-stadion fan Sportclub Heerenveen wurdt ferfongen. It minne fjild wie de ôfrûne wiken al in punt fan diskusje. Troch de hegere tribunes falt der minder ljocht op it fjild en wol it gers net groeie.
Fanwege it drokke programma de kommende wiken, moat der gau in oplossing komme foar it probleem. Foarsitter Riemer van der Velde ferwachtet dat der foar de wedstryd tsjin Willem II op 10 desimber in nije gersmatte leit.