Nije skoalle Surhuzum iepene

19 nov 2005 - 08:35
Foto: Omrop Fryslân

Yn Surhuzum is freed de fernijde kristlike basisskoalle iepene. Dat waard dien troch de jongste en âldste learling. It gebou is foar in bedrach fan 400.000 euro grutter makke en opknapt.

De 157 learlingen ha yn de ferbou op ferskate lokaasjes yn it doarp sitten. Under oare de leechsteande pastorij fan de herfoarme gemeente die tsjinst as leslokaal.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)