Tongblier-oefening yn Oentsjerk

© Omrop Fryslân
It ministearje fan lânbou hat dizze wike in tongblierútbraak oefene op trije plakken yn Nederlân, wêrûnder de praktykskoalle PTC+ by Oentsjerk. Dat is tiisdei en woansdei yn alle stilte bard. De feehâlder is spile troch in akteur dy 't nei ôfrin sizze moast oft de belutsen tsjinsten it goed diene.
De meiwurkers fan de Voedsel en Waren Autoriteit wisten yn it foar net dat it om in oefening gie. It die bliken dat alle tsjinsten goed paraat wiene.