Cambuur: útstel fan betelling

19 nov 2005 - 00:00

Cambuur hat de skuldeaskers útstel fan betelling frege oant 1 febrewaris. Oan dy datum moat der noch 350.000 euro komme. Dêroer wurdt oerlis fierd mei de bank, de gemeente en de keaper fan it stadion, projektûntwikkelder Accolade. De need is heech want fan 'e wike waarden ek de tankpassen fan de spilers blokkeard. Se moatte no sels ôfrekkenje oan de pomp. Sportyf gie it wol goed. Cambuur wûn freed mei 1-0 fan Eindhoven yn it eigen Ljouwerter stadion.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)