Motorrider dûkt wer op

© Omrop Fryslân
De motorrider dy't fermist waard by Aldeberkeap is sinjaleard. De plysje Fryslân socht de hiele dei nei de man dy't freed yn de haven fan Aldeberkeap sprong om oan arrestaasje te ûntkommen.
De motorrider ried slingerjend oer de N381 by Appelskea. De plysje woe de man oanhâlde, mar hy naaide út. By de haven fan Aldeberkeap leine de motor en helm fan de motorrider. De plysje sette dûkers yn om nei de man te sykjen. De man waard letter sjoen yn Alderbekeap.