Oerienkomst oer Schatzenburg

© Omrop Fryslân
Der is in ein kommen oan it skeel tusken de gemeente Menameradiel en Van Booma fan rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam. Beide partijen hawwe tongersdei in oerienkomst tekene.
De gemeente nimt de sporthal werom foar 400.000 euro, de sportferienings krije sportfjilden en alle juridyske prosedueres hâlde op. It swimbad bliuwt lykwols by Schatzenburg en ferliest de iepenbiere funksje. De gemeenteried moat noch tastimming jaan.