KPN nimt fallite Kral oer
Telekomkonsern KPN nimt de winkels fan de fallite fotoketen Kral/Objectief oer. De KPN wol in tal saken ombouwe ta kombinearde media-, telefony- en ynternetwinkels. Hokker winkels omboud wurde en hokker saken ôfstjitten wurde, is noch net bekend.
It personeel fan it eardere Kral/Objectief kin sollisitearje op banen by de nije eigner. Der sil foar ûngefear de helte fan de wurknimmers plak wêze by de multimediawinkels.
Trefwurden:
argyf