141 miljoen nei HBO's Ljouwert

18 nov 2005 - 13:51

De kommende jierren wurdt der 141 miljoen euro ynvestearre yn it heger ûnderwiis yn Ljouwert. Dat stiet yn it masterplan foar de Kenniskampus Ljouwert dat freed presintearre is troch de gemeente. It grutste part fan it jild wurdt ynvestearre yn de nije gebouwen fan de NHL oan de Rengerslaan.

De nijbou fan de CHN is hast klear. Dêrby wurde nije wenten boud foar studinten. Fierder komt der in eveneminteterrein by de Kenniskampus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)