Eksportprojekt útein setten

18 nov 2005 - 11:39

It Atlasprojekt hat mei Wouter van Houwelingen út Belgrado syn earste ambassadeur. Atlas is in ynisjatyf fan ûnder oare de Provinsje Fryslân en it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân.

Doel is de eksport nei East-Europa fanút Noard-Nederlân te ferbetterjen. Der binne op dit stuit tsien bedriuwen dy't meidogge. Atlas is bedoeld foar bedriuwen út de sektoaren lânbou, wetter en miljeu, dy't hannelje wolle yn Easteuropeeske lannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)