Nijefurd skoart goed mei webside

18 nov 2005 - 10:27

De gemeente Nijefurd is flink omheech gien op de ranglist fan gemeentlike websiden. Nijefurd stiet no op it 78ste plak, dat wie by de foarige mjitting it 371ste plak. Nijefurd is de op-ien-nei- bêste Fryske gemeente, nei Ljouwert.

Nijefurd wol him fierder ferbetterje mei de elektroanyske tsjinstferliening oan de ynwenners. It ministearje fan Binnenlânske Saken hat opdracht jûn om geregeld ûndersyk te dwaan nei de websiden fan oerheidsynstânsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)