Oare namme foar webside

© Omrop Fryslân
De makker fan de webside paletgroep.info moat binnen twa dagen in oare namme foar de webside betinke. Dat hat de rjochter tongersdei besletten.
Soarchynstelling Palet hie in koart pleit tsjin de makker fan dy webside oanspand, omdat de namme hiel bot liket op dy fan Palet sels: paletgroep.nl. De makker fan paletgroep.info is in eardere meiwurker fan Palet. Dizze frou is fan doel om yn heger berop te gean.