Ynslûpers by âldere frou

Plysjemotor © Omrop Fryslân
In 88-jierrige frou fan De Jouwer is slachtoffer wurden fan ynslûpers. Tongersdeitemoarn belle in frou mei East-Europeesk uterlik by de frou oan. Se fertelde dat se kaam foar in lekkaazje, wêrop't it slachtoffer de frou yn de hûs noege.
Wylst de frou de 88-jierrige bewenster ôfliede hawwe hantlangers nei alle gedachten jild en sieraden út har wenning weinaam. It slachtoffer hat oanjefte dien.