Twadde oarlochsboek Kooistra

© Omrop Fryslân
It twadde boek fan de Ljouwerter sjoernalist Jack Kooistra oer slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch komt 1 desimber út. It boek giet oer militêren dy't yn Fryslân sneuvele binne: Friezen, alliearden en Dútsers. Nammen fan ferrieders wurde ek neamd.
It boek hjit 'Strijders, onderdrukkers en bevrijders' en is basearre op it oarlochsargyf fan Kooistra. Yn diel ien steane de nammen fan 4.000 boargerslachtoffers.