Rotterdammer ferwûne

In 40-jierrige man út Rotterdam is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Hantumerwei by Ternaard. De man wie ûnderweis nei Ternaard doe't hy yn de berm telâne kaam en de macht oer it stjoer ferlear.
Hy skeat oer de dyk en kaam oan de oare kant fia in rige beammen yn de sleat telâne. De man is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum.