Mear romte foar sportkompleks

© Omrop Fryslân
Der liket nei jierren fan praten in oplossing te kommen foar it personiel fan sportkompleks De Steense yn Wolvegea. Neffens de ARBO-easken hat it personiel te min kantoar- en klaairomte. Der moat ekstra romte komme by de yngong fan it kompleks.
Dat it sa lang duorre hat, komt ûnder oare troch in diskusje yn de ried fan Weststellingwerf oer it skoalswimmen. Der wie sprake fan dat dat ôfskaft wurde soe. It bliuwt lykwols.