Kettingbotsing Grou: 3 ferwûnen

17 nov 2005 - 13:02

Trije minsken binne tiisdeitejûn ferwûne rekke by in kettingbotsing op de A32 by Grou. De botsing ûntstie doe't in frachtauto mei maleur stil kaam te stean. Oare auto's moasten op 'e rem en sa kaam der in file.

In 43-jierrige automobilist fan it Hearrenfean seach de file te let en klapte op in auto. Dy botste wer op in oare wein. De man út Hearrenfean en twa ynsittenden fan ien fan de auto's dêr't er op botste, moasten nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)