Mear banen troch EHBO-doazen

© Omrop Fryslân
Sosjale Wurkfoarsjenning Oostergo yn Dokkum hat in nij projekt betocht, dat tritich banen opsmyt. It bedriuw sil de EHBO-doazen fan bedriuwen kontroleare en se byfolle as it nedich is. Ek sille medisinen en oare saken wêrfan't de datum ferrûn is ferfongen wurde.
De earste EHBO-doaze is woansdei ôflevere. De klus is in wolkomme nije ynkomstenbron, want de sosjale wurkplakken ha it dreech troch koartings fan it Ryk.