Kwestje Schatzenburg is dien

© Omrop Fryslân
Der is in oplossing fûn foar de problemen mei rekreaasjesintrum Schatzenburg by Menaam. De twa fuotbalklubs en de tennisferiening krije har eigen akkomodaasje foar ien euro fan eigner Ron van Booma. De gemeente Menameradiel wol de sporthal weromkeapje. Alle rjochterlike prosedures wurde dan stopset.
It swimbad is ek ûnderdiel fan de ôfspraken, mar Van Booma mei noch net sizze hoe't dy derút sjogge.