Aksje tsjin frjemdelingebelied

© Omrop Fryslân
Sa'n tritich demonstranten ha woansdei by de Ofslútdyk demonstrear tsjin it asylbelied fan it kabinet. Se hiene op ferskate plakken spandoeken delset, mei teksten lykas 'VVD: Verdonk Voor Deportatie' en 'Verdonk en Donner, As van het Kwaad'.
It Vluchtelingencordon Fryslân hie de aksje opset. De spandoeken binne net ôfpakt. De organisaasje wie dêr benaud foar, want earder is dat wol bard, op oare plakken yn it lân.