Provinsjaal jild foar knyppunten

© Omrop Fryslân
De provinsje stelt 130.000 euro beskikber foar de oanpak fan acht ferkearsknyppunten. It giet bygelyks om in fytsoerstekplak by in skoalle yn Jobbegea, om it ferfangen fan strjitstiennen troch in laach asfalt op de Doniawei by Hallum en om it ynstellen fan in 60-kilometersône by Spannenburch en Wjelsryp.
Alle projekten wurde noch dit jier of takom jier oppakt.