Oranjekomitee hat tekoart

© Omrop Fryslân
It Oranjekomitee yn Smellingerlân krijt 10.000 euro ekstra subsydzje fan de gemeente. Dat is om tekoarten te dekken dy't ûntstien binne nei de aktiviteiten foar keninginnedei en 60 jier befrijing.
De gemeente hie al 54.000 euro meibetelle, mar no docht bliken dat der in tekoart is. De ferkeap fan tagongskaarten foar in spesjaal befrijingkonsert en in DVD mei in registraasje dêrfan, foel bot ôf.