Achterstân baggerjen fuortwurkje

16 nov 2005 - 15:26

Gemeenten en jachthaveneigners dy't by it Fryske Marreprojekt belutsen binne, kinne achterstannen mei it baggerjen rapper ynrinne. Dat wurdt mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje. Mei-elkoar is der sa'n 6,5 miljoen euro beskikber.

Jachthaveneigners en gemeenten moatte mei in goed plan fan oanpak foar de kommende fjouwer jier komme, en dêr moat ek yn stean, hoe't se it dêrnei oanpakke wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)