Drachtsters bêste carpoolers

16 nov 2005 - 15:21

Fjouwer manlju út Drachten binne útroppen ta carpoolteam fan it Noarden. De ferkiezing is ûnderdiel fan in carpool-promoasjekampanje fan de trije noardelike provinsjes.

De fjouwer winners ride al 25 jier mei elkoar fan Drachten nei Ljouwert. Se hawwe sa dik ien miljoen kilometer minder riden as at se alle fjouwer mei har eigen auto gien wiene. As beleanning waarden se woansdei mei in limousine nei har wurk riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)