Klacht en liet om mosk

© Omrop Fryslân
De bistenrjochte-organisaasje EDEV (Een Dier een Vriend) hat in offisjele oanklacht yntsjinne by it iepenbier ministearje yn Ljouwert fanwege de deasketten dominomosk. EDEV wol dat de ferantwurdliken sa gau mooglik ferfolge wurde en flinke straffen krije.
EDEV is in organisaasje dy't him ynset foar bisten. Al earder hat de bistebeskerming klage oer it deasjitten fan de mosk. Piter Wilkes en twa dj's ha in liet makke oer de saak.