Jonge Feansters nei kwartfinale

16 nov 2005 - 15:04

Jong Heerenveen helle moandei de kwartfinale fan it bekertoernoai. Op sportpark Skoatterwâld waard Jong Ajax nei it nimmen fan strafskoppen ferslein.

Nei 90 minuten en de ferlinging stie it noch altyd 0-0. Yn de strafskoppenrige skeat Jong Ajax op keeper Brian Vandenbussche of op de peal en latte. Foar de Feansters wisten Tarvajärvi, útblinker André Hanssen en Lasse Schöne wol te skoaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)