Nijpels begrypt ôfberjocht

© Omrop Fryslân
Kommissaris fan de Keninginne Nijpels hat der begryp foar dat kening Abdullah fan Jordanië syn besite oan Nederlân en Fryslân ôfsein hat. De kening wol syn lân net ferlitte no't dat yn 'e rou is fanwege de oanslaggen ferline wike.
Nijpels giet der fanút dat it om in útstel giet en dat de kening letter dochs noch yn Fryslân komt. De draaiboeken foar sa'n besite lizze yn de kast en kinne der sa wer úthelle wurde, neffens de kommissaris.