Pleats yn Twellegea ôfbaarnd
In monumintale pleats oan de Buorren yn Twellegea is tiisdeitenacht proai wurden fan in útslaande brân.
De brânwacht moast mei grut materieel útrukke. Dat koe net foarkomme dat de pleats oant de grûn ta ôfbaarnd is. It gebou stie leech. It is noch net bekend hoe't it fjoer ûntstien is. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien. Hoe grut oft de skea is, is ek noch net bekend.
Trefwurden:
argyf