Fûgelrykdom yn Holwertwestpolder

16 nov 2005 - 11:27
Foto: Omrop Fryslân

De fûgelrykdom fan de Holwertwestpolder sil de kommende jierren tanimme. Dat sei Fryske Gea-direkteur Ultsje Hosper tiisdei by de ôfsluting fan dit natuerûntwikkelingsprojekt.

Om it gebiet oantrekliker te meitsjen foar fûgels is der fan de simmerpolder in kwelder makke. De rûchte dy't der no noch foar soarget dat der minder fûgels binne as winske, sil ferdwine omdat it gebiet yntensiver beweide wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)