Befeiligingsbeamte net by plysje

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân wiist hieltyd faker minsken ôf dy't befeiligingsbeamte wurde wolle. Omdat in soad minsken yn de befeiliging wurkje wolle, wurdt harren ferline goed besjoen. Dêrby komme somtiden oertredings en misdriuwen oan it ljocht.
Dat sei korpsjuriste Berends tiisdei nei oanlieding fan in rjochtsaak dy't in befeiligingsbeamte oanspand hie tsjin de plysje. De rjochter docht binnen seis wiken útspraak.