Natuerramp yn Alde Feanen

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea sil op twa plakken yn de Nasjonaal Park de Alde Feanen by Earnewâld in natuerramp neispylje. De Jan Durkspolder wurdt sân jier lang bemealle om it minder wiet te meitsjen. Dat smyt wer mear begroeiing op. Nei sân jier wurde dy planten en beamkes wer ûnder wetter set. Dêrtroch komt it iepen lânskip werom.
Dat liket op in lytse natuerramp. Ferskil is dat it Fryske Gea de operaasje kontrolearje sil.