CNV kin mislieding bewize

© Omrop Fryslân
Fakbûn CNV kin bewize dat fjouwer útstjoerburo's belestingmeiwurkers mislaat hawwe. Dat seit Siegbert van der Velde fan it CNV-tsjinstebûn.
450 minsken yn Ljouwert hiene in folsleine baan by de Belestingtsjinst tasein krigen troch in útstjoerburo. Achternei die bliken dat it meastal mar om in pear oeren wurk gie. De tasizzings stiene lykwols net op skrift, mar goed hûndert minsken hawwe der no in ferklearring oer ûndertekene.