Snackkarre Febo op it Saailân

© Omrop Fryslân
Der moat in snackkarre fan de Febo komme op it Saailân yn Ljouwert. Dat wol eigner Faber fan snackbar Febo dy't in skoftke lyn útbaarnde. Nei alle gedachten giet it om brânstifting.
De snackbar kin sa't it liket net earder as yn april takom jier wer iepen. Oant dy tiid wol Faber in snackkarre op it Saailân delsette. De gemeente Ljouwert besjocht noch oft de karre de freedsmerk net yn it paad stiet.