'Philips oer 5 jier út Drachten'
Philips giet binnen fiif jier út Drachten wei. Dat ferwachtet direkteur Frits Migchelbrink fan de NOM, de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij.
Philips hat yn Drachten al hiel lang in skearapparatefabryk. It behâld fan de ûntwikkelingspoat fan dy ûndernimming is neffens Migchelbrink it measte dêr't Drachten op hoopje mei. Hieltyd mear bedriuwen ferpleatse it wurk nei lege leanelannen.
Trefwurden:
argyf