VVD-Smellingerlân kiest foar nij

16 nov 2005 - 10:11
Foto: Omrop Fryslân

De VVD-Smellingerlân is moandeitejûn akkoart gien mei drastyske feroarings op de kieslist foar de gemeenteriedsferkiezings fan maart 2006. By de earste sân kandidaten sitte fiif nije gesichten.

De nijkommers yn de top trije binne Jan Groen op it twadde plak en Marjan van der Aart-Drost op trije. Listlûker is Barend Potjer. Lucy Jonkers sil nei 16 jier riedswurk net weromkomme. Jonkers is wol listtriuwer.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)