Philips lulk op NOM
De útspraken fan NOM-direkteur Frits Michgelbrink oer de sluting fan it Philipsfabryk yn Drachten binne 'van een ongekende simpliciteit'. Dat seit wurdfierder Gert van Doorn fan Philips. Migchelbrink sei moandeitejûn by in PvdA-byienkomst dat Philips oer fiif jier út Drachten wei is.
De produksje soe ferpleatst wurde nei lege-leanelannen. Perfoarst net wier, seit Philips. It bedriuw is lilk, want de útspraken soargje foar ûnrêst.
Trefwurden:
argyf