Friesland Bank ek fia ynternet

16 nov 2005 - 10:07

Klanten fan de Friesland Bank kinne fan hjoed ôf de banksaken ek fia ynternet regelje. It hat lang duorre foardat de Fryske bank dizze mooglikheid oanbiede koe. Der wiene ûnder oaren problemen mei de ûntwikkeling fan de software.

Om feilich gebrûk te meitsjen fan ynternetbankieren krije klanten fan de Friesland Bank in Easykey; in soarte fan kalkulator. Ut ûndersyk hat bliken dien dat in soad klanten ferlet ha fan ynternetbankieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)