Ekstra maatregels Domino Day

16 nov 2005 - 10:05

Tillevyzje-produsint Endemol sil ekstra feilichheidsmaatregels nimme om foar te kommen dat minsken Domino Day yn Ljouwert kommende freed fersteure sille. Dit nei oanlieding fan de mosk dy't moandei yn it FEC yn Ljouwert deasketten is.

Op ferskate ynternetsiden binne hûnderten reaksjes binnenkaam. DJ Ruud de Wild en de ynternetside Geenstijl.nl stelle 4.000 euro beskikber om de stiennen yn it foar al om te smiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)