Jordaanske kening skrast besite
De besite fan kening Abdullah en keninginne Rania fan Jordanië oan Fryslân is foarearst fan 'e baan. Yn ferbân mei de swiere oanslaggen yn haadstêd Amman hat Abdullah besletten om yn Jordanië te bliuwen. By dy oanslaggen kamen ferline wike 67 minsken om it libben.
It Jordaanske keningspear soe op 1 desimber in besite bringe oan proefbuorkerij Bosma Zathe, it Poptaslot en it Van Hallynstitút.