Jong Oranje klear foar Slovenië

© Omrop Fryslân
Jong Oranje spilet woansdei tsjin Slovenië yn it Abe Lenstrastadion, om kwalifikaasje foar it Europeesk kampioenskip ôf te twingen. De ploech fan Foppe de Haan spile snein yn Slovenië mei 0-0 gelyk en moat de klus no op it Hearrenfean ôfmeitsje.
Yn Slovenië miste Hearrenfean-spits Klaas Jan Huntelaar kânsen om te skoaren. Neist Huntelaar kin De Haan ek beskikke oer Boy Waterman en Jeroen en Henrico Drost fan SC Heerenveen.