Deasjitten mosk krijt sturtsje

15 nov 2005 - 13:56

De bistebeskerming Ljouwert hat by de plysje melding dien fan oertreding fan de flora- en faunawet. Oanlieding is it deasjitten fan in mosk yn it FEC yn Ljouwert. It fûgeltsje wie it ôfrûne wykein de hal ynflein dêr't drok wurke wurdt oan Domino Day. It bist smiet goed tsientûzen stientsjes om. Om mear skea foar te kommen, hat in jager de fûgel doe mei in buks deasketten.

Neffens de flora- en faunawet is dat lykwols ferbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)