Sirkusoplieding foar Drachten

© Omrop Fryslân
Skoallemienskip De Friese Poort yn Drachten begjint mei in sirkusoplieding. Offisjeel giet it om de oplieding Sirkus en Entertainment en is bedoeld foar MBO-learlingen. De oplieding duorret fjouwer jier.
Festigingsdirekteur Hobert fan De Friese Poort Drachten sjocht wol brea yn de oplieding. It sirkus hat neffens Hobert in oare en bettere reputaasje krigen.