Ljouwerters kieze keunstner

15 nov 2005 - 13:52
Foto: Omrop Fryslân

Ljouwerters meie kieze hokker keunstner kâns makket op de opdracht foar in keunstwurk op de Vischmarktpijp yn de stêd. Der binne al twa keunstners nominearre nei oanlieding fan in priisfraach. De tredde wurdt keazen troch in 'referindum' ûnder de ynwenners fan Ljouwert.

It keunstwurk is bedoeld om dúdlik te meitsjen dat der mear as fjouwer ieuwen in grutte fiskmerk hâlden is op de brêge yn de Voorstreek.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)